Unike âlde jurk yn Fries Museum

04 aug 2006 - 10:27

By in ynventarisaasje fan it depot fan it Fries Museum is in bysûndere omslachjurk tefoarskyn kaam. It giet om in wite simmerjurk út 1775 dêr't op de hiele wrâld kwalik guon fan te finen binne. Allinnich yn Japan is in pear jier lyn sa'n jurk tentoansteld. De adel brûkte sokke jurken eartiids as beskerming fan de hûd en de prúk tsjin de sinne. It eksimplaar fan it Fries Museum wie earder fan Agatha Victoria Bieruma Oosting.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)