Unifoarm ûnderhâld brêgen

08 okt 2008 - 11:52

It ûnderhâld fan brêgen dy't oer iepenbier wetter nei partikulier terrein gean, moat op ien en deselde wize oanpakt wurde. Dat wol Wetterskip Fryslân. No binne der noch allerhande ferskillende regelingen om't der earder meardere wetterskippen wiene, dy't it elk op har eigen wize diene.

Der binne goed 1700 sokke brêgen. It ûnderhâld dêrfan kostet miljoenen. Se binne net allegear eigendom fan it wetterskip, de measten falle ûnder de provinsje en de gemeenten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)