Uniens oer rekkenkeamer B'him

27 feb 2010 - 13:46

De gemeente Boarnsterhim wol noch net útrekkenje hoe grut oft de finansjele reserve wêze moat om't der dochs gjin jild is. De gemeentlike rekkenkeamer trune dêr trije jier lyn wol op oan.

Dyselde rekkenkeamer komt der nei in ferfolchûndersyk achter dat mei dizze oanbefelling de ôfrûne jierren eins neat dien is. Neffens wethâlder Felix van Beek hat dat ek pas doel at de gemeenten gjin tekoarten mear hat. De rekkenkeamer is it dêr lykwols net mei iens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)