Unienigens oer sloepferhier

24 aug 2013 - 17:55
  • Ien fan de sloepen fan Minkema

De Ljouwerter ferhierder fan sloepen André Minkema is lilk op trije gemeenten dy't boaten ferhiere oan de noardelike Alvestêdefarrûte. Neffens de ûndernimmer is der sprake fan ûnearlike konkurrinsje. Minkema hat foar 80.000 euro twa sloepen oanskaft foar de ferhier. Mar no kriget er konkurrinsje fan Ferwerderadiel, Tytsjerksteradiel en it Bilt. Dy trije gemeenten dogge ek oan miljeufreonlik farren.

Minkema hat al kontakt socht mei de trije gemeenten om syn ûnfrede út te sprekken. Neffens de gemeente Tytsjerksteradiel falt it wol wat ta.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)