Unienichheid by Sportklup Hearrenfean

11 sep 2015 - 10:49
  • Anne Hettinga

Der is noch altyd gjin wite reek by Sportklup Hearrenfean. It stichtingsbestjoer fan de klup en de hjoeddeistige lieding binne it net iens oer hoe't it fierder moat mei de klup. Nei oanlieding fan in rapport hat it stichtingsbestjoer foarsteld wizigings oan te bringen yn it sânkoppige bestjoer. Neffens it rapport hoecht der gjin ien fuort, mar moat der wol skood wurde mei portefúljes.

In part fan it bestjoer is it dêr net mei iens, wêrtroch der no sprake is fan in patstelling. It stichtingsbestjoer sil letter in beslút nimme oer de takomst.

De liedingjaandestruktuer by Hearrenfean bestiet op dit stuit út in stichtingsbestjoer en in one-tier-board. Yn it stichtingsbestjoer sitte tsien man mei Anne Hettinga as foarsitter. It one-tier board is de hjoeddeistige lieding mei sân man. Foarsitter is Jelko van der Wiel, Wim Dijk docht de kommersjele saken, Ben Takkenberg hat algemiene saken en feilichheid en Hans Vonk is ferantwurdelik foar fuotbalsaken. Dan binne der noch trije leden dy tafersjoch hâlde: Egon Diekstra, Geert Pieter Vermeulen en Jaap Schuurmans.

Dizze struktuer is twa jier lyn betocht nei oanlieding fan in rapport fan Jos Vaessen en Lenze Koopmans. Dizze twa ha no wer in rapport skreaun, in soad fan evaluaasje. Neffens Anne Hettinga seit it rapport net dat der guon minsken út it one-tier board fuort moatte, mar moatte der wol wizigings plakfine. In part fan it one-tier board is it dêr lykwols net mei iens. Wat dy wizigings binne wol Hettinga net sizze. "We binne it net iens oer hoe't we no fierder moatte, dus dan hat it ek net safolle sin om te fertellen wat we krekt feroarje wolle. We nimme no in oantal wiken de tiid, mar echt net mear, om hjir oer nei te tinken. Der hoege net minsken fuort, mar we moatte hjir wol goed oer neitinke."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)