Unienichheid oer skjinmakkers

11 jan 2011 - 13:50

Fakbûn CNV is lilk op it UWV en skjinmakbedriuw ISS yn Ljouwert. Fjouwer ISS-minsken meitsje al jierren it UWV-kantoar skjin, mar se binne ynienen oerpleatst. Neffens it fakbûn komt dat omdat se te min tiid hawwe foar it wurk. It moat yn hieltyd minder tiid dien wurde. CNV Vakmensen wol no in koade opstelle mei it skjinmakbedriuw en de opdrachtjouwers. Sy moatte harren ferantwurdlikens nimme en better nei de skjinmakkers harkje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)