Unienichheid oer natuergebieten yn Opsterlân

07 jan 2015 - 12:10
  • Wynjeterper Skar

Opsterlân docht der ferstannich oan om in nij bestimmingsplan foar it bûtengebiet te meitsjen, no't it bestimmingsplan skorst is troch de Ried fan Steat. Dat fynt Natuerferiening Geaflecht út Opsterlân. As de gemeente it bestimmingsplan sels net oanpast, is de kâns grut dat de gemeente oer in heal jier de boaiemproseduere ek ferliest, tinkt de natuerferiening.

Wethâlder Van Dyk fynt dat de natuerferiening mei dy opstelling de proseduere fertraget fan de oanlis fan 500 bunder nije natoer by it Keningsdjip.

De natuerferiening wie yn berop gien tsjin it bestimmingsplan fan de gemeente, omdat der tefolle iepen einen yn sitte as it giet om it beskermjen fan trije belangrike natuergebieten yn de gemeente. It giet om de Bakkefeanster Dunen, it Weinterper Skar en de Van Oordts Mersken by Beetstersweach. De natuerferiening is yn prinsipe ree om de gemeente te helpen by it oanpassen fan it bestimmingsplan, sa seit foarsitter Arends fan Geaflecht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)