Unienichheid oer mûne op Burd

09 jan 2011 - 14:36

De gemeente Boarnsterhim moat de ôfspraken oer de subsydzje foar de mûnen op it eilân De Burd by Grou neikomme. Dat fynt de stifting Poldermolens De Lege Midden. Dy hat ferskate mûnen op it eilân yn behear.

Ien mûne is troch in ferhuzing yn 'e gemeente Smellingerlân komme te lizzen. Dêrom wol Boarnsterhim no 2000 euro minder jaan. De stifting is it dêr net mei iens. Der binne dúdlike ôfspraken makke oer it bedracht dêr't se rjocht op hawwe, fine se.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)