Ungetiid foar leanbedriuwen

12 okt 2009 - 11:40
  • Leanbedriuw dwaande mei it rispjen fan de mais

Leanbedriuwen hawwe it dizze dagen smoardrok mei de maisrispinge. En dy drokte sil allinne noch mar tanimme. Want der komme hieltyd mear maisfjilden yn Fryslân. Foaral omdat mais grutte foardielen hat foar de moderne feehâlderij.

Neffens belangeorganisaasje LTO is de maisproduksje de lêste 5 jier tanommen mei sa'n 20 persint. Mais wurdt tradisjoneel fral op sângrûn ferboud, mar wint de lêste jierren ek terrein op wietere en kâldere klaaigrûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)