Ungerêstens oer JSF bliuwt

20 jan 2009 - 07:57
  • De bewenners fan de omjouwing fan de fleanbasis bliuwe tsjin de komst fan de JSF

De omwenners fan de Ljouwerter fleanbasis bliuwe ûngerêst. Steatssekretaris Jack_de_Vries fan Definsje wie moandeitejûn op in CDA-gearkomste yn Ljouwert om útlis te jaan oer de JSF.

Mar hy koe op in soad fragen fan de ûngerêste oanwêzigen gjin antwurd jaan. De omwenners bliuwe dan ek tsjin it nije gefjochtsfleantúch. De Joint Strike Fighter makket neffens harren fierste folle leven en fersmoarget it miljeu.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)