Ungemak op N383 by Bitgum

06 des 2009 - 14:46
  • Foto: Robertjan Boonstra

Twa ynwenners fan Drachten binne sneintemoarn betiid by in ûngemak op de N383 by Bitgum ferwûne rekke by in oanriding. De twa, in man fan 23 en in frou fan 27, botsten efterop in frachtwein fol biten dy't lutsen waard troch in oare bitefrachtwein.

Beiden binne troch de brânwacht út de auto helle. Se binne mei ûnbekende ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)