Ungemak op Harnzerstrjitwei

06 des 2009 - 15:02
  • Foto: Robertjan Boonstra

By in ûngemak op de Harnzerstrjitwei by Ljouwert binne twa ynwenners fan Mantgum ferwûne rekke. In 31-jierrige automobilist fan Ljouwert botste fol op it stel. De auto fan de Mantgumers bedarre yn 'e sleat.

Se moasten befrijd wurde troch de brânwacht en binne mei ferskate ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs. De Ljouwerter naaide út. De plysje hat in boargernetaksje opset om de man oan te hâlden. Dat die fertuten: de man koe op it Dragoonsplein oanholden wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)