Ungemak op A32 mei caravan

27 jul 2014 - 19:44

Op de A32 tusken Stienwyk en Wolvegea is sneintemiddei in auto mei caravan oer de kop slein. Dêrby rekke in 72-jierrige frou út Leek (Grinslân) ferwûne, sy is oerbrocht nei it sikehûs op It Hearrenfean. In man kaam mei de skrik frij. It is noch net dúdlik wat der krekt bard is.

Neffens de plysje giet it om in iensidich ûngemak. Beide rydbanen yn de rjochting fan Fryslân ha in skoftlang ôfsletten west. De plysje en Rykswettersteat hienen in pear oeren nedich om de dyk wer opromme en skjin te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)