Ungelokken yn Stiens en Grou

04 okt 2008 - 13:26

In frou (43) út Hallum is freedtemoarn ferwûne rekke op de Mûndyk yn Stiens. It slachtoffer is nei alle gedachten troch losse stientsjes op de dyk ûnderút gien op har snorfyts en krige dêrby de snorfyts boppe-op har. Se hie ferwûnings oan de holle.

In jonge (13) út Grou is freed ferwûne rekke by in oanriding op de Oostergostrjitte yn syn wenplak. Hy stuts de dyk oer en waard fol rekke troch in auto, bestjoerd troch in 39-jierrige plakgenoat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)