Ungelokken troch glêdens

01 mrt 2006 - 16:46

Der hawwe woansdei rûnom yn Fryslân in stik fyftjin ûngelokken west troch de glêdens. Fanwege snie en opfriezing wie it op alle diken moarns betiid glêd. Dat kaam guon autobestjoerders oer it mad.

Der binne gjin minsken ferwûne rekke by de ûngelokken. Der wie allinne materiële skea. Yn de rest fan it lân wie it treinferkear ûntregele. Ek ûntstiene der grutte files.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)