Ungelokken troch glêdens

09 des 2010 - 08:33

Der hawwe tongersdeitemoarn acht ûngelokken west troch de glêdens. Op de Wâldwei wiene meardere ûngelokken. By ien dêrfan rekke in auto yn de feart. Fierders klapte in auto tsjin de fangrail.

Op de A7 by Tsjalbert botste in auto tsjin de fangrail. Dêrby rekke in man ferwûne. Fierders wiene der iensidige ûngelokken mei allinnich blikskea. Sa rekke ûnder Akkrum in auto yn it wetter en wie der in ûngelok yn Hurdegaryp.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)