Ungelokken op Ofslútdyk

11 des 2012 - 15:37
  • Ofslútdyk

De rjochterrydstrook fan de Ofslútdyk yn de rjochting fan Fryslân is ôfsluten fanwege twa ûngelokken. As gefolch fan de glêdens rekken oan it begjin fan de middei trije auto's mei-inoar yn botsing. Dêrby foelen gjin ferwûnen, mar der ûntstie wol in soad blikskea. Eefkes letter skode in frachtwein bryk oer de dyk. Om dy wer teplak te krijen wurdt de helte fan de dyk ôfset.

Rykswettersteat hat ekstra strui-auto's de Ofslútdyk op stjoerd om de glêdens oan te pakken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)