Ungelokken op Fryske diken

03 feb 2012 - 21:05

Troch de snie hawwe him freed op de Fryske diken in protte ûngelokken foardien. Neffens de plysje bleau it meastentiids by materiële skea en koenen ynsittenden yn 'e regel op eigen krêft har auto ferlitte. By ûngelokken yn Warten en Mitselwier binne bestjoerders en ynsittenden, trije meiinoar, oerbrocht nei it sikehûs. It lit him oansjen dat se allegear licht ferwûne wienen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)