Ungelokken op binnendiken

07 des 2010 - 08:26

De glêdens en de tichte mist soargje tiisdeitemoarn foaral op de binnendiken yn Fryslân foar ûngelokken. By de meldkeamer binne al meardere meldingen binnen kaam fan ûngelokken, mei allinnich blikskea.

De meldkeamer ropt automobilisten op om it foarsichtich oan te dwaan en de snelheid oan te passen. Neffens de meldkeamer ride minsken fierstente hurd. Op de sneldiken passe automobilisten harren snelheid neffens de plysje wol goed oan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)