Ungelokken motoralvestêdetocht

25 maaie 2010 - 10:06
  • Foto: Omrop Fryslân (argyf)

In dielnimmer fan 'e Alvestêdetocht foar motors is by in ûngelok yn Marsum slimferwûne rekke. De 44-jierrige man út Tsjummearum botste op 'e auto fan in 23-jierrige frou út Ljouwert. De man foel en bedarre yn 'e berm. Hy is mei ferwûning oan 'e holle nei it UMCG yn Grins brocht. By Peins rekke in motorrider yn it wetter. Fierders rekke by Dokkum in taskôger ferwûne doe't in motorrider de kontrôle oer it stjoer ferlear. De motorrider die in stunt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)