Ungelokken mei bern by boer

07 aug 2008 - 12:22

Oan de feilichheid op boerebedriuwen falt noch altyd wat te ferbetterjen. Dat seit lânbou-organisaasje LTO, nei oanlieding fan in rapport fan de Arbeidsynspeksje. Yn dat rapport stiet dat der faak ûngelokken mei bern barre op boerebedriuwen, trochdat se wurk dogge dat se eins net dwaan meie.

Alle jierren reitsje 130 bern tusken de 14 en 18 jier nei it sikehûs troch in ûngelok. LTO riedt boeren oan om ris goed te besjen wêr't op har bedriuw gefaren op de loer lizze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)