Ungelokken bestelauto's oanpakke

13 apr 2005 - 05:45

It tal ûngelokken mei bestelweinen moat bot omleech. Dat fine de trije noardlike provinsjes en Rykswettersteat. Dy komme mei in saneamde safety-scan foar bedriuwen dy't ride mei bestelweinen.

Op it stuit is by 30% fan de ûngelokken op de dyk in bestelwein belutsen. Sa'n 200 bedriuwen wurkje nei alle gedachten mei oan it projekt. Op termyn is it de bedoeling dat it tal ûngelokken mei bestelweinen mei tsien persint ôfnimt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)