Ungelok yn live tv-útstjoering

05 apr 2012 - 16:47
  • Ungelok yn Doch it foar dyn doarp
  • Ungelok  DIFDD
  • Ungelok DIFDD
  • Ungelok DIFDD

Yn it live-televyzjeprogramma Doch it foar dyn doarp fan Omrop Fryslân binne tongerdeitemiddei twa motorriders ferwûne rekke. Se soene it programma út Gerkeskleaster-Strobos iepenje. It ûngelok wie live op televyzje te sjen.

Ien rider rûn harsenletsel op, de oare hie in brutsen ankel en it skouder kapot. De slachtoffers binne nei de sikehuzen fan Grins en Ljouwert brocht. De útstjoering op Omrop Fryslân is fanwege it ûngelok fuortdaalk stillein. Jûn sil besjoen wurde oft de útstjoering fan freed trochgiet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)