Ungelok yn Harns

21 jan 2007 - 15:12

De plysje hat sneontemoarn assistearre by in ûngelok op de krusing Súdwâlwei en Haulewei yn Harns. In automobilist (20) fan It Hearrenfean joech gjin foarrang oan in automobilist (25) út Harns. In botsing wie it gefolch.

Twa passazjiers dy't by de Harnzer yn de auto sieten, in plakgenoate (22) en in ynwenster fan Tsjom (22), rûnen dêrby ferwûnings oan de nekke en de holle op. Sy binne behannele yn it MCL, wêrnei't se wer nei hûs koene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)