Ungelok yn Follegea

17 aug 2008 - 15:23

De plysje hat sneontemiddei assistearre by de ôfhanneling fan in ûngelok op de Strjitwei yn Follegea. In 53-jierrige automobilist út Lunteren woe dêr linksôf in oprit opride, mar seach dêrby in achteropkommende brommer oer de holle.

De bestjoerster dêrfan, in 17-jierrige ynwenster fan De Jouwer, rûn by de oanriding dy't dêrop folge in brutsen skonk op. Se waard mei in ambulânse nei it sikehûs op It Hearrenfean oerbrocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)