Ungelok yn Aldemardum

04 sep 2008 - 10:04

Yn Aldemardum is woansdei in frou fan 60 jier út dat doarp ferwûne rekke. Se ried mei har auto op 'e Sminkewei en wie in oare auto oan it ynheljen. Dy sloech krekt linksôf. Beide auto's rekken elkoar en de frou ferlear dêrby de macht oer it stjoer. Sy klapte mei har auto op in beam en rekke ferwûne oan 'e earm en holle.

De brânwacht moast de frou út 'e auto weihelje. Sy is nei it UMCG yn Grins oerbrocht. De oare auto waard bestjoerd troch in man út Veghel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)