Ungelok by Wurdum

16 maaie 2004 - 00:00

Trije minsken binne snein ferwûne rekke by in ûngelok. It ûngefal barde op de krusing fan de sneldyk tusken Ljouwert en It Hearrenfean en de dyk nei Wurdum. It giet om de ynsittenden fan twa auto's dy't frontaal mei inoar yn botsing kamen.

Twa fan de trije binne mei de ambulânse nei it sikehûs yn Ljouwert oerbrocht. De oare is opnaam yn it sikehûs fan Snits. Neffens de plysje falle har ferwûningen wat ta.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)