Ungelok by Willemsoard

14 des 2013 - 11:00

In frou út Wolvegea is freedtemiddei ferwûne rekke by in ûngelok op de Stienwikerwei by Willemsoard. De frou fytste mei in tsjil yn 'e hân. Nei alle gedachten kaam it tsjil fêst te sitten yn it stjoer. Yn alle gefallen rekke de frou de kontrôle oer it stjoer kwyt en kaam se op it plak telâne dêr auto's rieden. Dêr botste se lyk op in auto bestjoerd troch in man fan 19 jier út Steggerda.

De frou is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht. Hoe âld oft de frou is, hat de plysje noch net bekend makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)