Ungelok by Vegelinsoard

10 jan 2005 - 10:31

In 26-jierrige man út Vegelinsoard is sneintemoarn betiid ferwûne rekke by in ûngelok. Hy wie ûnderweis op De Dolten rjochting syn wenplak, doe't er yn in flauwe bocht rjochttroch de berm yn ride. De auto skeat oer de dyk, rekke in beam en kaam yn in sleat telâne.

De man is mei help fan de brânwacht út de auto helle. Hy is mei in wervelfraktuer oerbrocht nei it akademysk sikehûs yn Grins.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)