Ungelok by Tsjummearum

24 mrt 2008 - 13:54

In ynwenner fan Tsjummearum is yn de nacht nei moandei ferwûne rekke by in ûngelok by syn wenplak. De man siet yn de auto by in oare ynwenner fan Tsjummearum, dy't neist de dyk rekke en dêrnei in sleat ynried.

De passazjier fleach dêrby troch it foarrút de auto út. Hy is oerbrocht nei it sikehûs. Ut in blaastest die bliken dat de bestjoerder te folle dronken hie. Hy hat in prosesferbaal krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)