Ungelok by Tsienzerbuorren

15 mrt 2013 - 15:04
  • It auto-ûngelok by Reduzum

Op Tsienzerbuorren by Reduzum hat freedtemiddei in ûngelok west. By it ûngelok wiene trije auto's belutsen. Yn alle auto's sieten twa minsken, dy't allegearre wol oansprekber wiene. Twa fan harren rekken by it ûngelok ferwûne.

Hoe't it ûngelok krekt barre koe is noch net bekend. De brânwacht wie der gau by om help te ferlienen. De haadrydbaan fan de autodyk is op it plak fan it ûngelok tydlik ôfsletten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)