Ungelok troch spoekrider (95)

18 nov 2012 - 18:21
  • Tusken De Jouwer en Sint Nyk stie in file as gefolch fan it ûngelok

In spoekrider fan 95 jier hat snein in ferkearsûngelok feroarsake by De Jouwer. De man botste foar it Jouster ferkearsplein op in auto dy't fan De Jouwer nei De Lemmer ride woe. By it ûngelok ûntstie allinnich materiële skea. De spoekrider en de tsjinlizzer sels kamen mei de skrik frij.

De spoekrider is by De Lemmer de A6 opriden tsjin it ferkear yn. It oare ferkear besocht om de spoekrider te warskôgjen mei ljochtsinjalen, mar dat holp net. De plysje hat nei it ûngelok it rydbewiis fan de man ynfoardere.

As gefolch fan de botsing ûntstie in file tusken De Jouwer en Sint Nyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)