Ungelok troch oerstekkende ree

31 okt 2010 - 12:14
  • Foto's: Alex Zwart

In oerstekkende ree hat sneontejûn soarge foar in slim ûngelok en in grutte gaos by Sint Jânsgea. In 65-jierrige ynwenner fan Ychtenbrêge rekke dêrby slim ferwûne oan syn gesicht. Dat barde op de Hege Dyk.

De oerstekkende ree waard rekke troch in tsjinlizzer. Dêrnei sloech it bist troch it foarrút fan de auto fan de 65-jierrige man út Ychtenbrêge en einige dea op de achterbank. De auto fan it slachtoffer rekke fan de dyk en tsjin in wenning oan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)