Ungelok troch kite-surfen

20 okt 2005 - 10:27

In 20-jierrige man fan West-Skylge is op it eilân ferwûne rekke by it kite-surfen. Doe't de man op in fjildsje by de Seefeartskoalle syn kite yn de loft bringe woe, gie it mis. De man smakte troch in wynpûst tsjin it gebou oan. Doe't de triedden knapten, klapte it slachtoffer tsjin in stek en belâne er yn in kano. De man rekke ferwûne oan syn holle en syn earm. Hy is mei de helikopter nei sikehûs MCL yn Ljouwert brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)