Ungelok troch flesse op 'e dyk

24 feb 2009 - 10:21

Twa manlju út Ljouwert binne moandeitenacht op de autodyk by Mullum ferwûne rekke by in auto-ûngelok. De bestjoerder fan 'e auto moast útwike foar in flesse dy't op de dyk lei. Hy kaam op de flechtstrook en besocht dy manoeuvre te korrizjearen. Dat slagge net, hy kaam frontaal tsjin de fangrail yn de middenberm oan.

De sjauffeur en syn passazjier binne nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)