Ungelok op Wâldwei

26 maaie 2004 - 00:00

Fjouwer auto's wiene woansdeitemiddei belutsen by in ûngelok op de Wâldwei. It ûngelok barde by de Fonejachtbrêge. Ien helte fan de Wâldwei wie nei it ûngelok tydlik ôfsletten.

It ferkear dat fanút de rjochting Ljouwert nei Drachten woe, moast omride fia Warten. It ferkear dat fanôf de oprit by Garyp nei Ljouwert ta ried, hie te krijen mei opstoppings. Ien frou út Snits rekke licht ferwûne. Se is nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)