Ungelok op Ofslútdyk

22 jul 2010 - 18:45

Ferkear op de Ofslútdyk hat tongersdei oan it begjin fan de jûn lêst hân fan fertraging troch in ûngelok. By de Stevinsluzen wiene twa frachtweinen troch de slachbeammen fan de brêge riden. Dêrby is nimmen ferwûne rekke.

Der wie earst sprake fan dat de Ofslutdyk yn beide rjochtings ôfsletten wie foar it ferkear mar dat wie dochs net nedich. Ferkear fan Surch ôf moast oant healwei achten wol rekken hâlde mei fertraging.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)