Ungelok op Ofslútdyk

09 apr 2006 - 12:32

By in ûngelok op de ôfslútdyk rjochting Fryslân is by Koarnwertersân sneon ien persoan ferwûne rekke. Twa persoane-auto's botsten troch noch ûnbekende oarsaak tsjin elkoar oan. Ien fan de auto's fleach dêrnei oer de kop en kaam mei de tsjillen op de linkerkant fan de dyk telâne. De bestjoerder is mei ferwûnings nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.

De plysje docht ûndersyk nei de krekte oarsaak fan de botsing.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)