Ungelok op hynstedagen

26 jul 2013 - 14:08
  • De hynstedagen lûke alle jierren in soad publyk

By de hynstedagen yn Driezum-Wâterswâld binne freedtemoarn twa minsken ferwûne rekke by in menûngelok. Troch in stjoerflater sloech de karre om en moasten in jonge en famke fan it menteam mei ferwûnings nei it sikehûs brocht wurde.

De tastân fan it famke is goed, hoe't it krekt mei de jonge giet, is it noch net bekend. By it ûngelok rekken gjin minsken út it publyk ferwûne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)