Ungelok op A7 troch wietens

12 aug 2002 - 00:00

In 17-jierrige jonge út Wormerveer is snein ferwûne rekke op de A7 by Drachten. Hy siet by in Drachtster (21) yn 'e auto dy't tsjin de fangrail op botste. Troch hege snelheid en it wiete waar wie de wein ûnbestjoerber.

Nei de botsing sloech de auto oer de kop en rekke in ljochtmêst. De jonge moast mei nekkeklachten nei it sikehûs ta. De bestjoerder mankearde neat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)