Ungelok op A7 by Drachten, gjin ferwûnen

04 feb 2016 - 19:51

In ûngelok by Drachten hat tongersdeitemiddei foar file soarge. Troch noch ûnbekende oarsaak rekke op de oprit fan de N31 nei de A7 in auto yn 'e middenberm. Dêrtroch moast in rydbaan ôfsletten wurde en moast al it ferkear oer de oare baan. Dêr ûntstie in kop-sturtbotsing, dêr't fiif auto's by belutsen wienen.

By beide ûngelokken rekken gjin minsken ferwûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)