Ungelok by Noardburgum

12 aug 2011 - 16:37
  • Foto: Omrop Fryslân

In ynwenner fan Burgum (83) is freedtemiddei slim ferwûne rekke by in ûngelok by Noardburgum. De man waard op de paralleldyk oanriden troch in auto, doe't er linksôf sloech. De man is mei de traumahelikopter oerbrocht nei it universitair sikehûs yn Grins.

In meiwurker fan de ambulânsetsjinst dy't mei de sirene oan ûnderweis wie nei it ûngelok waard by Donkerbroek oanriden troch in ynwenner (73) fan dat doarp. Dy joech him gjin foarrang.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)