'Ungelok net skuld Skylger'

14 jul 2011 - 15:40

In 40-jierrige bewenner fan Skylge is tongersdei frijsprutsen fan it feroarsaakjen fan in ûngelok mei hynder en wein, ferline jier. Neffens de rjochtbank falt de man neat te ferwiten.

In famylje fan 15 minsken wie op fakânsje en makke in ritsje mei hynder en wein. By Hoarne sloegen de hynders foar de wein op 'e rin. De wein ried mei hege snelheid fan in dún ôf en klapte tsjin in beam. Seis minsken rekken hjirby ferwûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)