Ungelok N355 Hurdegaryp-Ljouwert

26 sep 2006 - 15:19

By in ûngelok op de N355 fan Hurdegaryp nei Ljouwert binne trije ynsittenden fan in auto ferwûne rekke. Troch de rein begûn in auto te slingerjen. In oare auto kaam dêrtroch op 'e oare weihelte telâne en botste frontaal op in tsjinlizzer. Ien fan de ynsittenden moast troch de brânwacht befrijd wurde út 'e auto.

De wei hat ôfsluten west foar it ferkear. Dat moast oer de suteldyk dy't ek as fytspaad brûkt wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)