Ungelok motorrider A7

23 sep 2012 - 11:21
  • motorûngelok

By in ûngelok op de A7 by it knooppunt Hearrenfean is sneintemoarn in motorrider ferwûne rekke. Hoe't it ûngelok barre koe, is noch net dúdlik.

Der binne twa ambulânses en in traumahelikopter ynset om help te ferlienen. It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs yn Grins brocht. It ferkear hat net folle hinder fan it ûngelok hân. De oprit nei de grutte dyk dêr't it ûngelok bard wie, hat even ôfsletten west, maar is yntusken wer frijjûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)