Ungelok by Minnertsgea

03 jun 2006 - 15:36

De feroarsaker fan in ûngelok freedtemiddei op de Hoarnestreek by Minnertsgea hie gjin jildich rydbewiis. It ûngelok barde doe't in frou út Sint Jabik op de krusing mei de Lange Dyk gjin foarrang joech oan in auto dy't fan rjochts kaam.

De auto bedarre op de sydkant yn in greide. Ien fan de ynsittenden moast troch de brânwacht út de auto helle wurde. Twa belutsen persoanen binne ferwûne nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)