Ungelok mei ynfalide-auto

27 des 2004 - 10:53

By in ûngelok by Dronryp is op Earste Krystdei in echtpear út Hurdegaryp ferwûne rekke. Se joegen mei harren ynfalide-auto op in krusing gjin foarrang oan in oare auto.

De frou waard troch de botsing út 'e wein weislingere. Se hie ûnder oare ferwûnings oan 'e holle. De man klage nei de klap oer in seare nekke. Beide binne nei it sikehûs yn Ljouwert brocht. De ynfalide-auto waard by it ûngelok folslein fernield.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)