Ungelok mei trije auto's op A7 by It Hearrenfean

30 maaie 2015 - 14:51

By in ûngelok op de rykswei A7 ter hichte fan it klaverblêd by It Hearrenfean binne sneontemiddei twa minsken ferwûne rekke. Yn totaal wiene trije auto's by it ûngelok belutsen. Oer de tadracht is noch neat bekend. De brânwacht hat in skoft dwaande west om it plak fan it ûngelok wer skjin te meitsjen. Dêrtroch ûntstie der in file mei in maksimale lingte fan sa'n fiif kilometer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)