Ungelok mei stedsbus Ljouwert

31 okt 2014 - 15:23

In stedsbus yn Ljouwert is freedtemiddei op de Swettestrjitte fan de dyk rekke en tsjin in betonnen râne en in ferkearsboerd botst. De bus ried op de rotonde en soe problemen hân hawwe mei de remmen.

De bus rekke troch de klap swier skansearre en koe net fierder ride. De 15 ynsittenden kamen mei de skrik frij en binne mei in oare bus ophelle. Ferfierder Arriva sil it ûngelok ûndersykje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)