Ungelok mei shovel yn Hoarnstersweach

08 maaie 2015 - 13:38
  • Shovel omkypt yn Hoarnstersweach

By in ûngelok mei in shovel yn Hoarnstersweach freedtemiddei is in man ferwûne rekke. Tsjin tolven kypte de shovel op de Skoatterlânskewei en foel op syn kant. Mooglik is de bestjoerder net goed wurden.

De man is mei ûnbekende ferwûnings nei sikehûs UMCG yn Grins oerbrocht. De oarsaak fan it ûngelok is noch net bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)